Cusell op proef by Cambuur

11 maaie 2007 - 11:52
  • Tonnie Cusell spilet sneon mei yn de oefenwedstryd tsjin Bant.

Cambuur hat in oanfaller op proef. It giet om Tonnie Cusell fan RKC Waalwijk. Cusell docht freed mei oan de training en spilet sneon mei yn de oefenwedstryd tsjin Bant.

By RKC spile Cusell by de beloften. Dêrfoar kaam de 24-jierrige rjochtsbûten út foar Jong Volendam en de A-junioaren fan FC Twente. Hy kaam ek út foar Oranje ûnder de 17.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)