Curlingwedstryd foar studinten

01 mrt 2010 - 20:05
  • Jeu de boule op it iis

Op de iisbaan fan Ljouwert wurdt tiisdeitejûn it earste Iepen Nasjonaal Studintekampioenskip Curling hâlden. Der dogge tolve teams fan Nederlânske en bûtenlânske studinten oan mei.

Doel is studinten entûsjast te meitsjen foar de sport, sadat der yn 2014 op de Spelen yn it Russyske Sotsji wol in Nederlânsk curlingteam meidocht. Yn Nederlân binne fjouwer curlingclubs, ek op Thialf is in ploech aktyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)