Curlingklup wol mear leden ha

25 feb 2014 - 22:18

De Curlingclub Fryslân besiket mear leden te krijen. Curling is in lytse sport. De klup telt mar 14 leden en om dat oantal omheech te bringen, waard der in iepen jûn yn Thialf, op It Hearrenfean holden. Der kamen dik 30 minsken op ôf. Jong en wat âlder. Se krigen les en mochten de 20 kilo swiere graniten stiennen oer de 40 meter lange baan nei de roas op de ein skowe. Mar dat falt net ta, want curling is in technyske sport dy't jo net samar ûnder de knibbel ha.

De klup makket gebrûk fan de banen op It Hearrenfean en yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)