CU:nij ferkearssysteem tapasse

09 apr 2008 - 10:12

In nije technyk om ferkear by stopljochten better trochstreame te litten moat ek op diken yn Fryslân tapast wurde. Dat fynt de ChristenUnie yn provinsjale steaten.

It systeem sjocht net allinne nei ferkear op it krúspunt, mar ek nei auto's dy't noch twa minuten fierderop binne. Sa kin besjoen wurde wa't it bêste earst foarrang krije kin. It soe in oplossing wêze kinne foar de trochstreaming op de N356 by Burgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)