CU wol swakke skoallen helpe

02 mrt 2007 - 09:59
  • goede skoallen moatte swakke skoallen helpe, fynt de ChristenUnie

De ChristenUnie Fryslân wol sterke skoallen ynsette om swakkere skoallen te helpen. Fryslân telt 17 basisskoallen dy't it min dogge neffens de rjochtlinen fan de ûnderwiisynspeksje.

De ChristenUnie tinkt dat goeie skoallen har positive ûnderfinings diele kinne mei de swakke skoallen. Sa kin bygelyks personiel útliend wurde. Ek op bestjoerlik en managemintsnivo kin kennis útwiksele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)