CU wol SAR yn Ljouwert hâlde

03 jul 2007 - 09:50

De SAR-helikopters moatte yn Ljouwert stasjoneard bliuwe. Dat is it boadskip fan de provinsjale ChristenUnie yn in brief oan minister Van Middelkoop fan definsje.

Dy wol de SAR-heli's oerpleatse nei Den Helder om jild te besparjen. Neffens de CU binne de helikopters ek needsaaklik foar sikeferfoer fan de waadeilannen nei de fêste wâl. Fanút Den Helder duorret it langer, foar't in heli te plak is op de eilannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)