CU wol minder keapsneinen

31 okt 2008 - 21:39

Lytse winkeliers yn it sintrum fan Ljouwert hawwe grutte problemen mei it tal keapsneinen yn de stêd. Dat docht bliken út in enkête fan de Christenunie ûnder 480 ûndernimmers.

Goed 125 winkeliers hawwe oan de enkête meidien. Goed 60 persint wol leaver wat minder keapsneinen. De Christenunie wol no mei in útstel komme om it tal keapsneinen mei de helte werom te bringen. Op it stuit binne it der noch sa'n 15 en dat soene der dus 7 of 8 wêze moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)