CU út koälysje Achtkarspelen

11 apr 2014 - 22:01
  • Gemeente Achtkarspelen

FNP, Gemeente Belangen Achtkarspelen en de PvdA yn de gemeente Achtkarspelen prate de kommende tiid fierder oer in nije koälysje. De ôfrûne trije wiken hawwe FNP en ChristenUnie petearen hân mei de oare fraksjes yn de gemeenteried. De ChristenUnie hat freed op basis fan dy petearen oanjûn net mei de FNP fierder te wollen. Mei it CDA wiene FNP en ChristenUnie de eardere koälysje. De ChristenUnie wie derfan útgien dat deselde partijen fierder gean soene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)