CU tsjin skrassen Langmanjild

02 sep 2004 - 12:52

De Twadde-Keamerfraksje fan de Christen Unie begjint mei in publyksaksje tsjin it skrassen fan 'e Ryksstipe oan it Noarden. De finansjele stipe soe oant en mei 2010 trochrinne, mar it kabinet wol der yn 2006 mei ophâlde.

De Christen Unie wol mei de aksje it kabinet fan betinken feroarje litte. Dat bart ûnder it motto 'Hallo. Wij zijn er ook nog'. Inisjatyfnimmer fan de aksje is Twadde-Keamerlid Arie Slob.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)