CU: tafaller nei fargeul Harns

02 jul 2008 - 08:04

De ChristenUnie wol dat it kabinet in diel fan in tafaller besteget oan it útdjipjen fan in fargeul by Harns. It kabinet kin 150 miljoen ekstra útjaan. Neist it jild foar Harns wol de ChristenUnie ek jild útlûke foar de opfang fan minsken dy't earder yn de prostitúsje sieten.

Ek de oare twa partijen yn it kabinet hawwe al plannen foar it jild. It CDA wol dat it giet nei it behâld fan kulturiel en yndustrieel erfguod, de PvdA nei it tsjingean fan earmoed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)