CU stelt fragen oer treintiden

16 okt 2012 - 18:57

Reizgers dy't mei yngong fan 2013 yn it wykein of yn de jûnsoeren fanút de trein Grins-Ljouwert fan Arriva oerstappe moatte op de trein fan de NS nei Zwolle moatte rekken hâlde mei in wachttiid fan sawat in oere. Dat docht bliken út de nije tsjinstregelingen fan Arriva en de NS. De steatefraksje fan de ChristenUnie fynt dat dit net kin en hat ferantwurdlik deputearre Johannes Kramer frege om yn aksje te kommen.

De ChristeUnie wol dat de provinsje maatregels nimt om de ferfierders te ferplichtsjen de tsjinstregelingen op elkoar ôf te stimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)