CU, PVV, SP winne yn Kollumerlân

19 mrt 2015 - 01:37
  • Gemeente Kollumerlân

It CDA wûn woansdei net folle by de steateferkiezings yn Kollumerlân. De partij gie fan 27 nei 27,8% en bliuwt dêrmei fierwei de grutste partij yn de gemeente. De FNP bliuwt dield twadde mei 12,7%. CU, PVV en SP wûnen mear; de CU gie fan 10 nei 12,7%, de PVV fan 9 nei 10,9% en de SP fan 6 nei 8%. Ferliezers wiene der ek: de VVD gie fan 11 nei 9,6% en de PvdA fan 14 nei 8,9%.

D66 gie fan 2 nei 3%. 50Plus en de Partij voor de Dieren skoarden beide 2%, GrienLinks levere ek yn Kollumerlân wat yn: fan 2 nei 1,6%.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)