CU-politika omkaam by ûngelok

16 jul 2014 - 11:26

De 47-jierrige frou út Bûtenpost dy't tiisdei oan de ein fan de middei ferstoar by in slim ûngelok by har wenplak wie fraksjefoarsitter Ypie Spoelstra fan de ChristenUnie yn Achtkarspelen.

De gemeente is djip rekke troch it hommels ferstjerren fan Spoelstra. Se wie sûnt har 16de by de polityk belutsen. Se waard yn 2010 riedslid foar de ChristenUnie en wie sûnt 2014 fraksjefoarsitter. Spoelstra makke har sterk foar de sosjaal swakkeren yn de gemeente en kaam op foar goed ûnderwiis en it tsjingean fan alkohol- en drugsmisbrûk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)