CU moat leare fan flaters

29 nov 2007 - 12:32
  • Adema wie gjin kandidaat-deputearre, mar sit no dochs yn it kolleezje fan DS

Der moatte net wer deselde flaters makke wurden by de Steateferkiezings. Dat hat in ûndersyks-kommisje fan de ChristenUnie sein.

De CU die mei yn de ûnderhannelingen foar in nij kolleezje fan Deputearre Steaten en sit dêr no ek yn. Mar net mei de deputearre dy't dêr yn't foar foar oanwiisd wie: Sicko Boorsma. Ynstee dêrfan waard listlûker Piet Adema deputearre. Foaral omdat de twa oare koalysjepartijen dat woene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)