CU: mear omtinken spoar

15 jan 2014 - 06:13

De ChristenUnie yn Fryslân wol fan deputearre Jehannes Kramer witte wat dy docht om de berikberens fan Fryslân fia it spoar te fergrutsjen. ProRail, dat ferantwurdlik is foar it spoar, hat oankundige te ûndersykjen oft der mear treinen nei Grins ride kinne. De ferbettering fan de berikberens fan oare stasjons yn it noarden moat dêr op wachtsje. De ChristenUnie fynt dat dat fierstente lang duorret.

De partij wol ek dat Kramer útlis freget fan ProRail wêrom't dy wol omtinken hat foar Grinslân en net foar Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)