CU-man Gert-Jan Segers komt freed nei Fryslân

21 jan 2016 - 15:06

Fraksjefoarsitter Gert-Jan Segers fan de ChristenUnie yn de Twadde Keamer is freed op 'en paad yn Fryslân. Segers, dy't opgroeide yn Ljouwert, giet ûnder oaren op besite by Sportklup Cambuur, by in mantelsoarger yn Drachten en nei de flechtlinge-opfang yn Kollumerpomp.

De besite oan Fryslân is ûnderdiel fan in hiele toernee by alle provinsjes del. Segers praat oeral oer ûnderwerpen dy't op dat stuit bot spylje yn dy provinsje. Fryslân is de twadde provinsje dy't Segers oandocht, hy begûn syn toer yn Grinslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)