CU makket plan foar boeren

24 jan 2014 - 08:32

Boeren moatte de romte krije om op it eigen hiem in wynmûne del te setten. Dat stiet yn in fiif punten plan foar de lânbou dat de Fryske steatefraksje fan de ChristenUnie makke hat. Wol moet in boer earst soargje dat der draachflak ûnder omwenjenden is foar de wynmûne, seit fraksjefoarsitter Anja Haga. Sy hat it plan opsteld yn gearwurking mei de boeren.

De oare punten yn it plan binne minder regels, in Deltaplan Byldbepalende Fryske Buorkerijwenningen, in provinsjale foarjochtingskampanje en mear jild foar kavelruiljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)