CU: ien JSF-tastel is genôch

24 feb 2009 - 12:11
  • De ChristenUnie fynt ien Joint Strike Fighter foarearst genôch....

De ChristenUnie fynt dat de Twadde Keamer yn april noch gjin beslút nimme moat oer it keapjen fan de earste twa Joint Strike Fighters. Keamerlid Joël Voordewind fynt ien testtastel mear as genôch yn dizze finansjeel drege tiden. Ien tastel kostet 140 miljoen euro, in twadde nochris 110 miljoen.

Steatssiktaris Jack de Vries wol yn april tekenje foar de earste twa JSF-tastellen. It kabinet wol de F-16's ferfange troch de Joint Strike Fighter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)