CU: gjin heroïne-unit op Vliet

16 maaie 2007 - 12:14

Op It Vliet yn Ljouwert moat gjin romte komme dêr't ferslaafden ûnder medysk tafersjoch heroïne krije kinne. Dat fynt de fraksje fan de Christen Unie yn de Twadde Keamer. De gemeente hat plannen foar sa'n romte, mar de buert is der fûl op tsjin, benammen omdat der skoallen yn de buert sitte.

De ChristenUnie wol dat der gjin heroïne-units flakby skoallen komme. De partij fynt it better dat ferslaafden drugs krije yn in sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)