CU-fragen oer lokale omroppen

03 okt 2014 - 14:50
  • ChristenUnie

De ChristenUnie yn Fryslân makket him soargen oer it ferskaat en de ûnôfhinklikens fan de lokale omroppen. Dy moatte fan it Ryk mear gearwurkje. De ChristenUnie is benijd nei de gefolgen foar de lokale mienskippen en de wenkerberheid fan dizze streekomroppen.

De fraksje wol ek witte wat it betsjut foar Omrop Fryslân. De provinsje soe neffens de fraksje in fasilitearende rol spylje kinne om te soargjen foar sterke lokale media.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)