CU ferbolgen oer moasje

09 okt 2014 - 12:26
  • ChristenUnie

De ChristenUnie yn Smellingerlân fynt it ûnbegryplik dat de opposysjepartijen tongersdeitejûn in moasje fan wantrouwen oerwege tsjin wethâlder Marja Krans. De ChristenUnie-wethâlder leit ûnder fjoer om't se neffens de opposysje de problemen by de bou fan teater De Lawei net goed oanpakt hat.

Sa soe se net genôch dien hawwe om de rûzje tusken bouwer Van Norel en de direksje fan De Lawei foar te kommen. Ek soe se de ried ferkeard foarljochte hawwe. De opposysje is der lilk oer en wol dat de wethâlder in 'stevige draai' makket.

Neffens fraksjefoarsitter Van der Zwan fan de ChristenUnie is in moasje fan wantrouwen in fierstente swier middel. Boppedat binne se it net mei de opposysje iens en se bliuwe dan ek achter har stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)