CU en FNP winners Dantumadiel

20 mrt 2014 - 02:09
  • Gemeente Dantumadiel

De ChristenUnie en de FNP binne de winners fan de gemeenteriedsferkeizings yn Dantumadiel. Beide partijen krije der in sit by, wêrtroch't de ChristenUnie op 3 komt en de FNP op 2. Ferliezers binne Dantumadiel '82 en de PvdA, dy't beide in sit ferlieze en 2 sitten oerhâlde.

De grutste partij is lykas yn 2010 it CDA mei 27,8 prosint fan de stimmen, goed foar 5 sitten. Lagere Lasten Dantumadiel hâldt syn 2 sitten, de SGP bliuwt stykjen op syn iene sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)