CU: Better lobbye foar nachttrein nei Rânestêd

16 mrt 2015 - 12:14

De steatefraksje fan de ChristenUnie is lilk op deputearre Johannes Kramer om't der gjin nachttrein tusken Ljouwert en de Rânestêd komt. Grins en Assen krije wol sa'n nachttrein. Neffens de fraksje rint Fryslân hieltyd achteroan as it op berikberens oer it spoar oankomt. Dat komt om't Fryslân gjin goede lobby fiert, seit de ChristenUnie.

Fryslân hat de boat ek al mist mei it oanlizzen fan befeiligingssysteem ERMTS. Dêrmei kinne treinen hurder ride, mar yn Fryslân komt dat der foarearst net, wylst it wol yn Grinslân en Drinte komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)