CSG Liudger wurdt útwreide

04 jun 2009 - 14:49
  • Skoalmienskip Liudger wurdt grutter

Yn Burgum is tongersdei feestlik úteinset mei de útwreiding fan skoalmienskip CSG Liudger. It gebou út 1998 is te lyts foar it tal learlingen. Dêrom wurdt gebrûk makke fan needlokalen.

CSG Liudger wurdt mei tûzen kante meter útwreide. Ek it besteande gebou wurdt ferboud. Ein dit jier moat alles klear wêze. Begjin takom jier kinne de learlingen gebrûk meitsje fan de nije lokalen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)