CSG Gaasterland yn Balk sil fusearje mei Bogerman Snits

03 sep 2015 - 14:29
  • Direkteur Dekker fan CSG Gaasterland

Middelbiere skoalle CSG Gaasterland hat it foarnimmen om mei yngong fan it kommende skoaljier te fusearjen mei Bogerman yn Snits. CSG Gaasterland yn Balk wurdt dan in njonkenfêstiging fan Bogerman. Troch de fúzje mei Bogerman kin de skoalle yn Balk bestean bliuwe.

Learlingen havo en vwo kinne ek yn 'e takomst oant en mei it tredde skoaljier by de fêstiging yn Balk telâne, sa't dat no ek al it gefal is. Learlingen fan it vmbo kinne wol yn Balk eksamen dwaan.

CSG Gaasterland en Bogerman binne beide ûnderdiel fan CVO-Súdwest-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)