CSG Comenius yn finale robotwedstriid yn Amearika

14 apr 2016 - 19:40
  • Leden fan de legoploech Comenius lit sjen wat se yn hûs hawwe

Learlingen fan it CSG Comenius Mariënburg meitsje harren op foar in grut legospektakel yn Amearika. Mei 108 oare teams út tachtich lannen sille se mei in spesjale legorobot stride om de wrâldtitel. Fiif ateneumlearlingen út it tredde jier gean op 24 april nei it Amerikaanske St. Louis mei twa begelieders fan de skoalle.

De learlingen hawwe mei help fan tolve grutte sponsors it projekt yn gong set. Se lieten tongersdei harren robot en nije outfits sjen oan sponsors en publyk.

De finale fan de First Lego League is ein april. It is foar it earst dat in Frysk team trochgiet nei de finale yn Amearika. Alle jierren dogge sawat 28.000 teams út santich ferskillende lannen mei oan de foarrondes. It team, dat JustNormal hjit, is te folgjen op de webside www.justnormal.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)