CSG Comenius skrast ekskurzjes om terreurdriging

26 nov 2015 - 10:57
  • CSG Comenius lokaasje Zamenhof

Skoalmienskip CSG Comenius út Ljouwert skrast alle ekskurzjes. It giet om eveneminten dêr't grutte groepen minsken byinoar komme. De reden is de noch altyd hege terreurdriging. Direksjefoarsitter Hans Wildeboer seit dat hy net bûge wol foar eangst en terreur mar dat er al de ferantwurdlikens nimme wolle. Der binne meardere ekskurzjes nei krystmerken yn Dútslân skrast. Wildeboer wol de nije maatregel inkele wiken oansjen.

As der twifels binne wol de skoalle gjin risiko's nimme yn it belang fan de bern en de meiwurkers, seit Wildeboer.

Utstapkes nei bedriuwen en ynstellings gean gewoan troch. Dy binne net grutskalich en smite gjin ekstra risiko's op, seit Wildeboer. It Comenius hat alle âlden per mail op de hichte brocht fan de beslissing.

Oare skoallen

It Dockinga College yn Dokkum hat alle ynternasjonale ekskurzjes al achter de rêch. De ekskurzjes dy't pland binne yn de omjouwing geane gewoan troch. Salang't it regear net seit dat it drigingsnivo omheech giet en der wurde gjin bepaalde maatregels fan krêft, lit de skoalle alles gewoan trochgean, seit direkteur Marcel Klaverkamp. 

De lokaasjelieder fan OSG Sevenwolden Fedde Schurerplein op It Hearrenfean lit witte dat de plande ekskurzjes ek gewoan trochgean. Der steane guon op programma nei in krystmerk yn Münster en ien nei Snowworld. Rjochting de maaiefakânsje sille learlingen rjochting stêden lykas Parys. Dan wurdt it opnij besjoen oft it tsjin dy tiid feilich genôch is.

Direkteur Sixtus Haverkamp fan RSG Magister Alvinus giet ôf op wat de oerheid docht. As dy seit dat der in alarmfaze is, dan wurdt der nei hannele. En oars yn goed oerlis mei âlden, siet Haverkamp. Want der is wol soarch en dat wol de skoalle serieus nimme.

"Je steane foar in dilemma. Want terroristen binne der op út om minsken bang te meitsjen en ferwarring te siedzjen. En dêr wolle je net yn mei gean. Oan de oare kant ha je wol de ferantwurdlikheid foar de bern."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)