CSC Joure sport tenei yn sporthal de Stuit

01 jan 2016 - 16:41

Sportferiening CSC Joure hat in nij ûnderkommen. De feriening is ferhuze fan de âlde evenemintehal nei sporthal de Stuit. Dy hal is de lêste tiid omboud ta turnsintrum. Sa is der in ferhege poadium makke mei dêr efter in falkûle. Sa kin better oefene wurde op drege akrobatyske sprongen.

De feriening hopet mei de nije lokaasje wer mear leden te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)