Crystalic op buorden

12 maaie 2005 - 06:51

Yn it Oranjehotel yn Ljouwert wie woansdei it earste part fan de feiling fan it glêzen ict-sintrum Crystalic. Dat smiet 6,5 miljoen euro op. Crystalic stiet te keap om't eigner Jouke Brander de hypoteek net mear betelje kin. Hypoteekferstrekker ING bank die Crystalic dêrom yn 'e ferkeap.

Oer fjirtjin dagen is de ôfslach. Dan begjint de feilingmaster by 12 miljoen euro en giet alle kearen in stapke omleech, oant ien 'mijn' ropt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)