Cruyff Court op It Fean

22 jan 2010 - 15:40

Strjitfuotbal is populêr, ek yn Fryslân. Dat docht bliken út de belangstelling foar it Cruyff Court op It Hearrenfean. Op it ferhurde keunstgersfjildsje wurdt troch de jeugd omraak fuotballe. Dêrom hat de Cruyff Foundation ien fan 'e regiofinales fan it lanlike toernoai oan Hearrenfean tawiisd.

Oan it lanlike toernoai dogge 400 skoallen mei. De lanlike finale is yn maaie by it Olympysk Stadion yn Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)