Cruijff-fjildsjes yn Fryslân

17 des 2004 - 11:51

Ljouwert en It Hearrenfean krije mooglik in Cruijff-traapfjildsje yn wiken mei in soad kânsearme jongerein. It giet om in inisjatyf fan de Johan Cruijff Foundation om wer mear jongerein oan it fuotbaljen te krijen.

It is it doel dat der de kommende trije jier hûndert Cruijff Courts komme, om te begjinnen yn stêden mei betelle fuotbal. De Cruijff Foundation betellet 50.000 euro foar in court, fan 'e gemeente wurdt ek in bijdrage frege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)