Crowdfundingsaksje op tou set foar nije opfang Akkrum

13 des 2015 - 17:28
  • Sandra van de Donk, inisjatyfnimmer fan de nije opfang yn Akkrum
  • It âlde tsiispakhûs yn Akkrum

De inisjatyfnimmers foar in lytskalige opfang foar minsken mei in beheining yn Akkrum, binne hurd op syk nei 75.000 euro. En dat dogge sy mei in crowdfundingsaksje.

Sandra van de Donk en Wim Loonen besykje om harren dream te rêden, nei in finansjele tebeksetter. Sy wolle yn in âld tsiispakhûs seis minsken in plak jaan mei in ferstanlike beheining. Fierder is der plak foar 14 minsken om de dei troch te brengen yn ûnder oaren in biologyske grientetún en in bernebuorkerij.

De foarsjenning krijt de namme it Pakhûs. It jild wurdt brûkt foar de ferbou fan it tsiispakhûs en omdat harren eigen jild oprekket, kinne Van de Donk en Loonen no wol wat help brûke. De aksje is werom te finen op webside de Crowdfunding Alliantie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)