Crossmotorrider ferwûne

29 des 2007 - 08:22

In 20-jierrige motorrider út Stynsgea is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding by Droegeham. De jonge ried mei twa oare motorriders neist him op De Sannen en waard dêr oanriden troch in automobilist (20) út Wâlterswâld. Dat kaam omdat de motorrider tefolle op 'e oare rydbaan siet.

De man is mei ferwûnings oan 'e earm oerbrocht nei it sikehûs. Hy ried op in crossmotor, hie gjin rydbewiis en de motor wie net fersekere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)