Crone: 'Sahar moat bliuwe'

20 jan 2011 - 21:09

Minister Gert Leers fan ymmigraasje en asyl moat Sahar in definitive ferbliuwsfergunning jaan. Dat seit boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Neffens him kin Leers nei de útspraak fan de rjochter net oars dwaan.

Dêrneist wiist Crone op de brief fan de flechtelinge-organisaasje fan de VN, de UNHCR. Dêryn stiet dat Sahar te ferwestere is om nei Afganistan te stjoeren. Foardat Leers syn beslút nimt, moat hy fan Crone earst dy brief goed trochlêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)