Crone: "Rêstige earste nacht foar flechtlingen yn WTC"

17 okt 2015 - 12:43
  • De Friezenhal yn it WTC-Expo yn Ljouwert

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert sjocht tefreden werom op de earste nacht fan de 300 flechtlingen yn it WTC Expo. Neffens him is de nacht fan freed op sneon rêstich ferrûn. Ek de demonstraasjes foar en tsjin de komst fan de flechtlingen binne rêstich ferrûn. Underwilens melde har hieltyd mear frijwilligers oan om de flechtlingen te begelieden.

Yn it WTC Expo is yn totaal plak foar 600 minsken. Wannear't de rest komt, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)