Crone: "Opfang flechtlingen taak fan gemeenten én it Ryk"

03 sep 2015 - 13:14
  • (fotofoarbyld)

It Ryk moat de problemen mei de opfang fan flechtlingen net allinne bij de grutte gemeenten dellizze. Dat skriuwt boargemaster Crone hjoed út namme fan dy grutte gemeenten yn in ynstjoerde brief yn de Volkskrant.

Hy reagearret op de oprop fan steatssikretaris Dijkhoff, dat er ferlet hat fan stoere boargemasters, wethâlders en riedsleden dy't har hurd meitsje wolle foar de opfang fan flechtlingen. De gemeenten soene dat wol wolle, seit Crone. Mar it Ryk hat safolle besunige op it gemeentlike budzjetten, dat dy der net genôch jild foar ha.

Flechtlingen opfange is prima, mar dan moatte gemeenten en Ryk wol gearwurkje, seit Crone.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)