Crone komt op foar Irakees

14 jan 2010 - 17:11
  • Crone set him yn foar in Irakees dy't útset driget te wurden

Boargemaster Crone fan Ljouwert besiket in 37-jierrige Irakees dy't it lân útmoat, yn Nederlân te hâlden. De man waard nei in famyljerúzje yn 2000 feroardiele foar mishanneling. Hij hie der neat mei te krijen, mar hat dêrtroch wol in strafblêd. Mei in strafblêd krije je gjin generaal pardon.

De Irakees moat no it lân út wylst syn frou en twa bern wol yn Ljouwert bliuwe meie. Crone wol dat no beslist tsjinhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)