Crone iepenet Superrr Wurdum

19 okt 2012 - 13:40
  • De winkel fan Wurdum is de alderearste Superrr fan Nederlân
  • Johan is ien fan de grutste meiwurkers fan de Superrr

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat freedtemoarn de doarpswinkel fan Wurdum weriepene. De winkel stie op de nominaasje te ferdwinen, mar is oernaam troch Support & Co. Dat bedriuw giet fierder mei de winkel ûnder de nije formule 'Superrr'. De winkel yn Wurdum is de alderearste Superrr fan Nederlân.

De Superrr bliuwt lykas fanâlds wurkplak foar kliïnten fan Talant. Der is ek plak foar oare minsken 'mei ôfstân ta de arbeidsmerk'. Doarpsbelang Wurdum hat him tige ynspand foar it behâld fan de winkel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)