Crone: gjin efterstân Fryslân

19 sep 2008 - 15:19

Fryslân is gjin efterstânsgebiet dat om earmoede stipe ha moat fan Europa. Fryslân is dwaande mei fernijende bedriuwen en Brussel moat sadwaande jild stekke yn 'e oanlûkingskrêft fan it gebiet. Dat sei boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert freed tsjin in selskip fan PvdA-Europarlemintariërs.

De PvdA-Eurofraksje is op wurkbesite yn Fryslân. Neffens Crone kin Europeesk jild derfoar soargje dat bedriuwen út de Rânestêd wei nei Fryslân lûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)