Crone: gearwurkje mei 'Stiens'

15 feb 2013 - 11:31

Noch dit jier moat dúdlik wurde hoe't bestjoerlik Fryslân der yn 2018 útsjocht. Dat seit boargemaster Crone fan Ljouwert. Crone ropt de provinsje en de gemeenten op sa gau mooglik in beslút te nimmen oer in weryndieling. It moat net sa wêze dat weryndieling fersnipele plakfynt, fynt Crone.

Crone hie leaver sjoen dat de weryndieling mei Ljouwerteradiel parallel rûn wie mei dy fan Boarnsterhim. Dat hie goedkeaper west. Mar Crone is bliid mei de kar fan Ljouwerteradiel foar Ljouwert.
Earder gearwurkje op amtlik nivo slút Crone net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)