Crone en Van der Zwan beëdige

05 des 2013 - 10:17
  • Ferd Crone en Tjeerd van der Zwan by de beëdiging ta waarnimmend boargemaster

Boargemasters Ferd Crone en Tjeerd van der Zwan binne tongersdeitemoarn beëdige as waarnimmend boargemaster fan respektyflik Ljouwert en Hearrenfean. Dat is nedich, om't beide gemeenten der mei yngong fan 1 jannewaris in diel fan Boarnsterhim by krije.

Ljouwert en Hearrenfean wurde dêrmei in nije gemeente en moatte ek in nije boargemaster hawwe. Nei alle gedachten duorret dy proseduere in healjier. Oant dy tiid nimme Crone en Van der Zwan de taak op har.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)