Crone is bliid mei mear foech foar plysje yn de regio

27 feb 2016 - 12:25

Boargemaster Ferd Crone Ljouwert is bliid mei de útlittings fan de nije korpssjef Erik Akerboom fan de nasjonale plysje. Dy wol de korpsen mear foech jaan. Neffens de korpssjef moat der minder sintraal út Den Haach wei oplein wurde. Crone is as korpsbehearder fan Fryslân bliid mei dizze útspraak.

Neffens him kinne saken lykas de ynset fan wykplysjes en oerlizzen mei sportklups better op regionaal nivo regele wurde. Crone hopet wol dat de plannen fan Akerboom oernaam wurde troch it ministearje, dat him hjir al posityf oer útlitten hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)