Croissant as goedmakker

22 maaie 2007 - 17:41

Minsken dy't woansdei de bus nimme op De Jouwer, It Hearrenfean of dy't mei de Q-liner reizgje krije in fergese croissant fan ferfiersbedriuw Connexxion. It bedriuw wol dêrmei ekskuses meitsje foar de oerlêst fan de wurkûnderbrekking fan tiisdei op 'e Jouwer.

De sjauffeurs koene net útride om't Connexxion de papieren net foar elkoar hie. Oant healwei trijen middeis foel dêrtroch in grut tal bussen út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)