Crispijn Ariëns twadde op bûteniis Flevonice

30 nov 2014 - 14:15
  • maratonreedriden

Maratonrider Crispijn Ariëns fan Wolvegea is snein as twadde einige op de maratonwedstriid op it bûteniis fan Flevonice. De winst gong nei Frank Vreugdenhil, dy't dêrmei syn twadde oerwinning fan it wykein pakte. Sneontejûn wie Vreugdenhil al de rapste by de sânde Maraton Cup yn Assen.

By de froulju gong de winst yn Assen nei Yvonne Spigt fan Andyk. Yn de einsprint wist se Ineke Dedden op de einstreek foar te bliuwen. It brûns wie foar Mariska Huisman. Dyselde Huisman wie snein op Flevonice de rapste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)