Cramer wint 500 meter op NK

28 jan 2006 - 14:26

Wieteke Cramer hat sneon by de NK reedriden yn Utert de 500 meter wûn. De rydster fan it Hearrenfean lei de 500 meter ôf yn 41.47". It twadde plak gie nei Tessa van Dijk, Natasja Bruintjes waard tredde.

Rintje Ritsma die it minder goed by de manlju. Hy waard fyfde yn 38,48 op mear as in tel fan winner Mark Tuitert, dy't 37.36" nedich hie. Dit betsjut dat Ritsma op de 5.000 meter tsien tellen goedmeitsje moat op Tuitert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)