Cramer wint 3000 meter B-groep

31 jan 2005 - 07:26

Wieteke Cramer ferraste snein by de Wrâldbekerwedstriden yn Baselga di Pine troch de 3000 meter yn de B-groep te winnen. Har tiid wie 4.11,38. Dêrmei wie se sels better as A-rydster Anni Friesinger.

Trener Jac Orie wie tige bliid mei dit resultaat. Hy wit net oft se by gelike omstannichheden ek wûn hie yn de A-groep, mar se hie grif wol op it poadium stien, sa sei er.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)