Cramer tredde yn klassemint

19 des 2004 - 14:38

Nei de earste dei fan it NK allround yn Thialf stiet Wieteke Cramer tredde yn it algemien klassemint. Cramer waard nei de winst op de 500 meter sechde op de 3 kilometer yn 4.13'79". Moniek Kleinsman wûn dy ôfstân yn 4.07.60". Sy stiet ek earste yn it klassemint.

Favoryt Renate Groenewold waard twadde op de 3.000 meter yn 4.10'22" en stiet no fjirde yn it klassemint. Ireen Wüst fan Jong Oranje stiet nei de earste dei op it twadde plak yn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)