Cramer net nei nije DSB-ploech

03 feb 2006 - 17:01

Wieteke Cramer fan it Hearrenfean krijt gjin plak yn de nije ploech fan Dirk Scheringa Beheer, de DSB-ploech. Cramer sit op dit stuit yn de Postcodeloterij-ploech, mar dy sponsor hâldt oan it ein fan dit seizoen op.

Har teamgenoaten Marianne Timmer, Annette Gerritsen, Mark Tuitert en Simon Kuipers en har trainer Jac Orie gean wol oer nei de nije ploech. De ploech is wol fan doel noch twa riders oan te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)