Cramer fyfde op de 3000 meter

10 jan 2004 - 00:00

Gretha Smit hat de 3000 meter sneon wûn yn in tiid fan 4.07,96. Anni Friesinger waard twadde, Renate Groenewold tredde en Claudia Pechstein fjirde. Wieteke Cramer ried tsjin Groenewold op de 3 kilometer en kaam seis sekonden letter oer de einstreek. Se waard dêrmei fyfde.

Anni Friesinger stiet nei de 3000 meter nûmer ien yn it algemien klassemint. Renate Groenewold stiet twad en Claudia Pechstein tred. Wieteke Cramer stiet op in fjirde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)