Cramer 4de op 1500 meter

28 des 2005 - 10:39

Wieteke Cramer waard tiisdei fjirde op de 1500 meter by de NK ôfstannen op Thialf. Cramer lei de 1500 meter ôf yn 1.59'06". De ôfstân waard wûn troch Ireen Wüst yn 1.56'71". Paulien Deutekom waard twadde yn 1.58'93". Renate Groenewold wie mar har 1.59'00" mar seis hûndertste flugger as Cramer.

Op de 1500 meter meie yn Turijn fjouwer Nederlânske froulju starte. Cramer is noch net hielendal wis fan har plak, omdat se gjin nominaasje hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)